Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (2024)

Table of Contents
Anouska Koster 75e yn einklassemint Tour de France Pieter Jilles Tjoelker oer de wedstriid by Starum Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke Bergsma, Postma en Steenstra winne A-klasse is los, B-klasse is finishe Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC Frouljus PC C-klasse wer los Silerij alwer ôfbrutsen Aletta van Popta docht net mei oan Frouljus PC C- en B-klasse IFKS binne los Cambuur fergriemt kânsen en ferliest earste duel yn nij stadion Smit kin it twa kear net: twa strafskoppen mis Noch gjin goal Cambuur: noch hieltyd 0-1 Noch hieltyd gjin silerij op De Iselmar Skoft yn Ljouwert: Cambuur 0-1 Helmond Sport Cambuur op efterstân yn it nije stadion Cambuur hat ôftrape yn it nije stadion De spilers fan Cambuur steane op it fjild Yn de rige by it nije stadion Mei syn romme ûnderfining wol Maikel Kieftenbeld Cambuur helpe: "Ik ben nog niet klaar" Noch gjin begjin IFKS: wyn is fuort Drokte by it nije stadion fan Cambuur IFKS by Starum set útein Trenskow besoarget Hearrenfean punt tsjin FC Utrecht Oar Hearrenfean Krijnsen wint etappe yn ronde fan Denemarken Reaksje fan de winnende skipper Sulveren Pols foar Nard Brandsma Tolfde seizoensoerwinning partoer Van Zwieten Harkemase Boys wint earste kompetysjewedstriid Anouska Koster 41e Sterke Jerke wint iepeningswedstriid IFKS Hearrenfean mei deselde alve as ôfrûne wike IFKS is los Trije kear 18 meter by jonges yn Winsum: persoanlik rekôr Martijn Zuidersma Earste wedstriden IFKS skrast om tekoart oan wyn Koster 51e Skipper De Lemmer nimt ôfskied mei diskwalifikaasje Ljouwert wint protest fan De Lemmer Kribels by Van Persie foar earste kompetysjeduel yn Abe Lenstra Stadion Gjin Condé en Nunnely 'Two-touch' Cambuur warskôget publyk Arnau Casas makket basisdebút by Cambuur EK sit derop foar Brecht Piersma Okkema, Van Beem en Kootstra winne keats-off 14 punten foar Drachten en d'Heale Moanne EK beachfollybal foarby foar Desy Poiesz Koster finisht op hast 5 minuten fan de winner Huzum finisht as earste by De Lemmer Ien kear winst en trije kear ferlies foar Fryske beachfollybalfroulju SKS feroaret útslach protest Snits net Fierljepstriid yn It Heidenskip skrast fanwegen it minne waar Grou wint by De Lemmer Silerij is los Skûtsjes sille los om 15.55 oere Utstelle kin oant 15.50 oere Publyk wachtet SKS warskôget publyk SKS-silerij noch net los Protest Snits tsjin Drachten moat opnij Beachfollybalster Desy Poiesz wint earste pûlwedstriid op EK Anouska Koster 19e yn tredde etappe Tour de Femmes Snits pakt twadde deipriis, Grou ferliest poadiumplak nei oanfarring mei boei Hurdfytser Anouska Koster hat earste etappe yn Tour de Femmes achter de rêch Nij klassemint nei útslach protesten SKS: Protest tsjin wedstriidlieding wie gjin protest Sjuery jout Drachten skuld fan oanfarring Wolkom!

Liveblog | Gisteren 18 augustus

Yn dit sportbloch hâlde wy dy op de hichte fan it lêste nijs oer de Fryske sport.

Lêst bywurke: Juster, 19:43

snein 18 augustus

19:43

Anouska Koster 75e yn einklassemint Tour de France

Hurdfytster Anouska Koster hat de Tour de France Femmes dit jier ôfsletten op it 75e plak. Yn totaal hie Koster in efterstân fan ien oere, 19 minuten en 36 sekonden op winneres Katarzyna Niewiadoma út Poalen.

Yn de ôfslu*tende etappe waard Koster, dy't útkomt foar UNO-X Mobility, 88e.

18:49

Pieter Jilles Tjoelker oer de wedstriid by Starum

Al de twadde oerwinning foar Pieter Jilles Tjoelker

17:52

Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (1)

Pieter Jilles Tjoelker mei de Sterke Jerke hat ek de twadde wedstriid yn de grutte A-klasse fan de IFKS wûn. Lykas by Hylpen wie hy ek by Starum de bêste.

De Ingelskmman mei Skipper Sikke Heerschop kaam as twadde oer de einstreek. Geale Tadema mei It Doarp Eastermar wie de nûmer trije.

Yn de lytse A-klasse gie de oerwinning nei Sander Meeter. Herre Hooghiemster wûn yn de B-klasse en Enne de Vries wie de bêste by de C's.

17:19

Bergsma, Postma en Steenstra winne

Marten Bergsma, Hessel Postma en Tjisse Steenstra hawwe de trochelkoarlotterspartij yn Kimswert wûn.

Yn de finale wienen se mei 5-1 6-6 te sterk foar Peter van Zuiden, Jorn-Lars van Beem en Erwin Zijlstra.

16:14

A-klasse is los, B-klasse is finishe

De skûtsjes fan de grutte A-klasse yn de IFKS binne los. De wedstriid is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

De B- en de C-klasse fan de IFKS binne finishe.

By de B's gie de oerwinning nei de Emanuel fan Herre Hooghiemster, twadde wie Rein Wiebe Leenstra mei Dageraad en tredde wie Gerrit Huisman mei de Ut 'e striid.

16:26

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (2)

Annet de Haan, Jeska Terpstra en Manon Scheepstra hawwe de generale foar de Frouljus PC wûn.

Yn de finale wienen se mei 5-1 6-6 te sterk foar Anna Ennema, Anouk Smink en Fiera de Vries. Mei in moaie sitbal makke De Haan de partij út.

Foar it partoer fan De Haan wie it de tredde seizoensoerwinning.

Frouljus PC

Woansdei is de 48e Frouljus PC yn Weidum, de wichtichste keatswedstriid foar froulju. Manon Scheepstra, dy't dit jier weromkaam op de keatsfjilden, giet foar har njoggende PC-oerwinning.

Louise Krol, Sjanet Wijnia en Gerde Lycklama à Nijeholt binne lykwols de grutste kânshawwers. Sy behellen seis seizoensoerwinningen. Mar hjoed ferlearen se al op de twadde list fan it partoer fan De Haan mei 5-5 6-2.

15:25

C-klasse wer los

14:41

Silerij alwer ôfbrutsen

De wedstriden yn de C- en de B-klasse fan de IFKS by Starum binne ôfbrutsen.

De wyn is draaid en dus leit der gjin goede baan mear yn. De bedoeling is wol dat der in nije start komt.

14:31

Aletta van Popta docht net mei oan Frouljus PC

Keatster Aletta van Popta docht woansdei net mei oan de Frouljus PC yn Weidum. Van Popta is blessearre en wurdt ferfongen troch Sietske Okkema.

Okkema sil woansdei keatse mei Ilse Marije van Beem en Simona Kootstra. Dat partoer wûn ôfrûne tongersdei de keats-off yn Easterein.

14:27

C- en B-klasse IFKS binne los

14:04

Cambuur fergriemt kânsen en ferliest earste duel yn nij stadion

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (3)

Sportklup Cambuur hat de earste wedstriid yn it nije stadion ferlern. Tsjinstanner Helmond Sport wie yn Ljouwert de ploech fan Henk de Jong de baas: 0-1. It iennige doelpunt kaam fan Dario Sits.

De Ljouwerters hiene benammen yn de twadde helte in hiel protte kânsen. It djiptepunt: in miste strafskop fan Milan Smit, of eins: twa miste strafskoppen fan Milan Smit, want nei syn earste kear mocht er it opnij besykje om't de doelman fan Helmond Sport te betiid fan syn line wie.

13:54

Smit kin it twa kear net: twa strafskoppen mis

In desepsje foar Milan Smit: hy mist twa strafskoppen op rige. De earste pakt keeper Van der Steen, mar om't dy te gau fan syn plak wie, mocht Smit opnij oanlizze. Mar ek dy bal wurdt net goed ynsketten en wurdt pakt troch Van der Steen. Noch altyd 0-1 foar Helmond Sport.

13:47

Noch gjin goal Cambuur: noch hieltyd 0-1

Cambuur hat noch hieltyd net skoard yn it nije stadion. It stiet noch 0-1 yn it foardiel fan Helmond Sport mei noch sa'n tweintich minuten te spyljen.

13:26

Noch hieltyd gjin silerij op De Iselmar

13:06

Skoft yn Ljouwert: Cambuur 0-1 Helmond Sport

It is skoft yn it nije stadion fan SC Cambuur. De ploech fan trainer Henk de Jong stiet op efterstân troch in doelpunt fan Dario Sits fan Helmond Sport. De earste helte sit der yntusken op.

12:43

Cambuur op efterstân yn it nije stadion

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (4)

Cambuur stiet op efterstân yn it nije stadion. Dario Sits fan Helmond Sport hat de iepeningstreffer notearre.

12:18

Cambuur hat ôftrape yn it nije stadion

12:04

De spilers fan Cambuur steane op it fjild

11:48

Yn de rige by it nije stadion

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (5)

11:44

Mei syn romme ûnderfining wol Maikel Kieftenbeld Cambuur helpe: "Ik ben nog niet klaar"

Hy is 34 jier: hat spile foar Go Ahead Eagles, FC Grins (dêr't hy de beker mei wûn) en FC Emmen en wie yn it bûtenlân aktyf foar Millwall FC en Birmingham City FC. Je soene sizze: de karriêre fan Maikel Kieftenbeld sit der no ek wolris op.

Mar dêr tinkt Kieftenbeld sels oars oer. Hy tekene ôfrûne wike in kontrakt foar in jier by Cambuur.

11:40

Noch gjin begjin IFKS: wyn is fuort

Der is al twa kear útsteld op it wetter fan De Iselmar. De wyn is hielendal fuort en dus sille de skûtsjes fan de IFKS noch net fan start.

11:35

Drokte by it nije stadion fan Cambuur

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (7)

It is drok by it nije stadion fan SC Cambuur. De supporters kuierje foar it earst rjochting it nije ûnderkommen. De earste thúswedstriid fan Cambuur dit seizoen set om 12.15 oere útein. Cambuur nimt it op tsjin Helmond Sport.

10:38

IFKS by Starum set útein

De IFKS op De Iselmar by Starum set aansten útein. Dat is wat letter as gebrûklik, fanwegen de wyn. It wie fan 'e moarn noch bot rêstich op it wetter, mar yntusken stiet der genôch en binne de skippen oan it ynsilen.

18:19

Trenskow besoarget Hearrenfean punt tsjin FC Utrecht

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (8)

Hearrenfean hat in punt oerholden oan de thúswedstriid tsjin FC Utrecht. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it sneon 1-1.

De wedstriid hie twa gesichten: yn de earste helte wie FC Utrecht folle sterker. Al yn de tredde minút levere dat de besikers in doelpunt út, doe't Ole Romeny nei in klutssituaasje skoarde.

Efkes letter hie Paxten Aaronson ek al de twadde Utrechtgoal makke, mar nei tuskenkomst fan de VAR gie dy treffer net troch. Earder yn de oanfal stie Jens Toornstra bûtenspul.

Oar Hearrenfean

Hearrenfean hie yn de earste helte net in soad sjen litten, mar yn de twadde helte wie dat folslein oars.

De thúsploech rekke fia ynfaller Jakob Trenskow earst noch de latte, mar yn de 82e minút wie it wol raak foar de Deen. De bal kaam mei in gelokje foar syn fuotten, mar Trenskow skeat him wol oertsjûgjend binnen.

Pas op 31 augustus spilet Hearrenfean de folgjende wedstriid. Dan is NAC Breda de tsjinstanner.

18:12

Krijnsen wint etappe yn ronde fan Denemarken

Jelte Krijnsen hat de fjirde etappe wûn yn de ronde fan Denemarken.

De 23-jierrige Krijnsen ûntsnapte út it peloton en wie yn de sprint te sterk foar syn kollega-fluchters.

Yn it klassemint stiet Krijnsen op it 36e plak, in oare Fries, Hartthijs de Vries, is de nûmer 19.

17:42

Reaksje fan de winnende skipper

Pieter Jilles Tjoelker pakt de earste oerwinning

16:42

Sulveren Pols foar Nard Brandsma

Nard Brandsma hat de Sulveren Pols wûn op it FK fierljeppen yn Winsum. Hy sprong mei 20,00 meter de fierste ôfstân fan de dei. By de froulju wie Sigrid Bokma fan Hylpen de bêste mei 16,42 meter. Dêrmei wint Bokma de Glêzen Ljepster.

LÊS EK Brandsma wint Sulveren Pols op FK fierljeppen, Bokma de bêste by de froulju

16:33

Tolfde seizoensoerwinning partoer Van Zwieten

Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Tjisse Steenstra hawwe harren tolfde haadklasse-oerwinning fan dit seizoen pakt.

Yn de finale wienen Van Zwieten en dy mei 5-0 6-2 te sterk foar Remmelt Bouma, Jorn-Lars van Beem en Kevin Jordi Hiemstra.

16:21

Harkemase Boys wint earste kompetysjewedstriid

Harkemase Boys is goed begûn oan it nije seizoen yn de tredde divyzje.

De Boys wienen mei 3-1 te sterk foar DEM út Beverwijk.

De besikers iepenen yn de earste helte de skoare fia Thom de Vries. By it skoft wie it 1-1 troch in doelpunt fan Kian Visser.

Yn de twadde helte naam Harkemase Boys it inisjatyf yn hannen. Fia Jhurrey Margaritha en nochris Visser waard it úteinlik 3-1.

16:07

Anouska Koster 41e

Anouska Koster is sneon as 41e oer de streek kaam yn de ien nei lêste etappe fan de Tour de France Femmes.

Koster kaam goed sân minuten nei winneres Justine Ghekiere út België oer de finish.

15:45

Sterke Jerke wint iepeningswedstriid IFKS

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (10)

De Sterke Jerke wint de earste wedstriid yn de IFKS. De Ingelskman komt as twadde oer de finish.

Der wie net folle wyn op de Iselmar by Hylpen. Dêrtroch giene de oare klassen net fan start. Omdat de wyn fuortsakke is de wedstriid fan de A-klasse earder ôfsketten as oars.

15:35

Hearrenfean mei deselde alve as ôfrûne wike

Sportklup Hearrenfean spilet fan 'e middei tsjin FC Utrecht mei deselde basisalve as ferline wike tsjin Ajax.

Amara Condé en Ché Nunnely sitte net by de seleksje, sy binne blessearre.

Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart; Hall, Kersten, Bochniewicz, Köhlert; Brouwers, Van Ee, Olsson; Al-Saed, Karlsbakk en Sebaoui.

14:29

IFKS is los

De skûtsjes fan de grutte A-klasse yn de IFKS binne los. Der is wyn, en der leit in baan op de Iselmar.

De wedstriid is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

14:16

Trije kear 18 meter by jonges yn Winsum: persoanlik rekôr Martijn Zuidersma

Trije moaie sprongen op rige by de jonges op it FK fierljeppen yn Winsum. Martijn Zuidersma fan De Pomp sette niiskrekt in persoanlik rekôr del fan 18,13 meter. Fuort dêrnei notearren Brent Monsma en Sietse Lefferts respektyflik 18,09 en 18,19.

LÊS EK Sjoch hjir nei in gearfetting fan it FK fierljeppen

12:14

Earste wedstriden IFKS skrast om tekoart oan wyn

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (12)

De earste wedstriden fan de IFKS geane net troch fanwegen in gebrek oan wyn. De wedstriden yn de C-, de B- en de lytse a-klasse binne skrast.

20:38

Koster 51e

Hurdfytster Anouska Koster fan Uno-X Mobility is freed 51e wurden yn de sechsde etappe fan de Tour de France Femmes.

Yn de etappe fan Remiremont nei Morteau kaam Koster goed 8 minuten nei winneres Cedrine Kerbaol oer de einstreek.

18:15

Skipper De Lemmer nimt ôfskied mei diskwalifikaasje

De lêste wedstriid fan Albert Visser as skipper fan it Lemster skûtsje einiget mei in diskwalifikaasje. "Jammer", seit er.

"Ik tocht dat wy op tiid wiene, mar hy fynt fan net. No ja, as hy sa tredde wurde wol: lokwinske. Wy binne gewoan twadde wurden."

Albert Visser nimt ôfskied fan Lemster skûtsje nei diskwalifikaasje

16:59

Ljouwert wint protest fan De Lemmer

It skûtsje fan Ljouwert is as tredde einige yn it klassemint fan de SKS, omdat De Lemmer in protest ferlern hat, dat yntsjinne waard troch Ljouwert.

As Ljouwert it protest net yntsjinne hie, wie De Lemmer yn it klassemint tredde wurden, en dan wie Ljouwert bûten it poadium fallen.

It protest gie om in bakboard-stjoerboard-sitewaasje yn it krúsrak. Ljouwert fûn dat De Lemmer te let draaide, en de sjuery hat Ljouwert gelyk jûn.

LÊS EK Ljouwert wint slotwedstriid SKS en komt nei protest op poadium

15:51

Kribels by Van Persie foar earste kompetysjeduel yn Abe Lenstra Stadion

Robin van Persie sjocht út nei it earste thúsduel yn it Abe Lenstra Stadion

Sportklup Hearrenfean spilet sneon de earste kompetysjewedstriid ûnder Robin van Persie yn it eigen Abe Lenstra Stadion. De trainer sjocht út nei de wedstriid tsjin FC Utrecht. "Ja, kriebels voel ik zeker", jout Van Persie ta. "Dat voel je in je onderbuik en ik kan echt niet wachten."

As fuotballer stie Van Persie yn de grutste stadions, dochs is sa'n earste kompetysjepot op It Hearrenfean ek bysûnder. Mei om in oare reden. "Waar ik ook ontzettend blij mee ben is dat het stadion zo goed als vol zit. Dat vind ik echt geweldig om te horen. Dat is zo belangrijk voor ons."

Gjin Condé en Nunnely

De trainer fan de Feansters wol neat sizze oer syn opstelling foar de wedstriid tsjin FC Utrecht. Wis is wol dat Amara Conde en Ché Nunnely noch blessearre binne. Levi Smans trainde apart fan de groep dizze wike, mar hy sit moarn gewoan by de seleksje. Fierder kin elkenien spylje.

Jacob Trenskow soe sneon syn basisdebút meitsje kinne foar Hearrenfean. Foarige wike tsjin Ajax foel de nije oanfaller yn. Neffens Van Persie is er fit genôch foar in basisplak.

'Two-touch'

En wa wit krijt de Deen dy ek wol, want hy makket yndruk op de training. "Hij heeft van mij gewonnen met 'two-touch', dat is een spelletje waarin je de bal twee keer mag hooghouden en hij hoog moet blijven. Dan kun je het elkaar flink moeilijk maken. Hij won gister met 7-5 van mij. Dat is extra knap, want dat doen er niet zoveel tegen mij", laket Van Persie.

15:09

Cambuur warskôget publyk

SC Cambuur komt mei in oprop oan syn eigen supporters om de klup net diskredyt te bringen.

De klup spilet snein foar it earst yn it nije stadion. Om dat mooglik te meitsjen, hat de klup strange ôfspraken makke mei de autoriteiten om in fergunning te krijen.

As supporters bygelyks fjoerwurk ôfstekke of mei bier smite, dan kin de konsekwinsje wêze dat de folgjende thúswedstriid foar in part sûnder publyk spile wurde moat. "En dat is het laatste wat we willen", skriuwt de klup yn in statement.

14:23

Arnau Casas makket basisdebút by Cambuur

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (14)

Arnau Casas makket snein syn basisdebút by SC Cambuur. De Spaanske oanwinst ferfangt Bryant Nieling yn de wedstriid tsjin Helmond Sport. Dat is de earste wedstriid fan Cambuur yn it nije stadion.

Michael de Leeuw hat in blessuere oan de boppeskonk. Hy kin net starte, mar sit nei alle gedachten wol op de bank. Datselde jild foar Benjamin Pauwels. De Belgyske oanfaller is net fit genôch foar in hiele wedstriid, mar soe noch wol ynfalle kinne.

Trainer Henk de Jong twifelet noch oer de linksbackposysje. Yn de training fan freed spilen likegoed Bram Marsman as Thomas Poll op dy posysje.

Cambuur hat dizze wike al in kear traind yn it nije stadion. Sneon sil de seleksje de klaaikeamers besjen en noch wat sfear priuwe. Neffens De Jong wurdt der alles oan dien om derfoar te soargjen dat de Cambuurspilers ek echt it gefoel hawwe dat sy in thúswedstriid spylje.

Fermoedlike opstelling Cambuur: Jansen; Pol (of Marsman), Smand, Casas, Ottesen; Nartey, Souren, De Jong; Balk, Smit en Van der Water.

20:02

EK sit derop foar Brecht Piersma

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (15)

Brecht Piersma fan Snits is ek útskeakele op it EK beachfollybal.

Tegearre mei Wies Bekhuis ferlear Piersma yn twa sets fan Laura Ludwig en Louisa Lippmann út Dútslân.

Earder op de dei waard Desy Poiesz fan Snits al útskeakele op it EK.

19:14

Okkema, Van Beem en Kootstra winne keats-off

Sietske Okkema, Ilse Marije van Beem en Simona Kootstra hawwe woansdei de keats-off yn Easterein wûn.

It partoer wûn woansdei yn de finale mei 5-1 6-6 fan Yannah Palma, Anke Wassenaar en Hedwig Wiersma. Op 5-1 6-6 passearre Van Beem de keats.

Okkema wie woansdei de ferfanger fan Aletta van Popta, sy is blessearre. De opslagger út Minnertsgea beslist dit wykein oft se meidwaan sil oan de 48e Frouljus PC yn Weidum fan takom woansdei.

Mei de oerwinning yn de keats-off hat it partoer him dêr yn elts gefal foar pleatst.

Kommende snein is de generale foar de Frouljus PC. Op it keatsfjild yn Wommels dogge tolve partoeren oan dy generale mei.

18:43

14 punten foar Drachten en d'Heale Moanne

De skûtsjes fan Drachten en d'Heale Moanne in protest ferlern en hawwe 14 punten takend krigen foar de twadde wedstriid by De Lemmer.

Drachten ferlear in protest fan Ljouwert oer in stjoerboard-bakboardsituaasje.

d'Heale Moanne krige 14 punten fanwegen in oanfarring mei Earnewâld.

In protest fan Earnewâld tsjin Akkrum is ôfwiisd fanwegen te min bewiis.

17:07

EK beachfollybal foarby foar Desy Poiesz

Desy Poiesz fan Vegelinsoard is útskeakele op it EK beachfollybal.

Tegearre mei har teamgenoat Mila Konink ferlear se mei 21-18 28-26 fan it Nederlânske duo Kirsten Bröring en Emi van Driel.

Poiesz en Konink binne hjirmei santjinde wurden op it EK.

16:56

Koster finisht op hast 5 minuten fan de winner

Anouska Koster is tongersdei 74e wurden yn de fiifde etappe fan de Tour de France Femmes.

Koster kaam 4 minuten en 58 sekonden nei winneres Blanka Vas út Hongarije oer de einstreek.

16:11

Huzum finisht as earste by De Lemmer

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (16)

It skûtsje fan Huzum is as earste oer de finish kaam yn de wedstriid by De Lemmer. It is de earste kear dat Huzum in deipriis pakt, sûnt Johannes Meeter skipper is. De lêste kear dat Huzum wûn is mear as tsien jier lyn.

Meeter is begûn as skipper fan Huzum yn 2017. Dit jier nimt er ôfskied as skipper.

LÊS EK Grou kampioen fan SKS; Huzum wint foar it earst yn mear as tsien jier

21:25

Ien kear winst en trije kear ferlies foar Fryske beachfollybalfroulju

Brecht Piersma fan Snits en Desy Poiesz fan Vegelinsoard kamen hjoed beiden yn aksje op it EK beachfollybal, dat dizze wike yn eigen lân plakfynt. Sy binne de iennige Friezen dy't meidogge. Piersma spilet mei Wies Bekhuis yn pûl C en Poiesz mei Mila Konink yn pûl A.

Beide froulju ferlearen harren earste wedstriid. Poiesz en Konink ferlearen mei 2-0 (21-15, 21-13) fan harren Litouske tsjinstanners en Piersma en Bekhuis mei 2-0 (25-23, 21-18) fan de Letske opponinten.

Yn 'e jûntiid moasten se nochris yn aksje komme. Poiesz ferlear ek de twadde wedstriid, tsjin in Tsjechysk duo, mei 2-0 (21-19, 21-16). Mar Piersma en Bekius wisten de lêste wedstriid fan de jûn wol te winnen fan harren Frânske tsjinstanners, mei 2-1 (22-24, 21-19, 15-12).

Beide duo's binne as nûmer trije yn de pûl troch nei de knock-out-faze.

20:08

SKS feroaret útslach protest Snits net

De SKS hat nei ôfrin fan de skûtsjewedstriid op De Lemmer op 'e nij de ferskate partijen heard yn ferbân mei in protest dat Snits snein tsjin Drachten yntsjinne. Dat hie de krijen mei de earste boeirûning by Starum. De SKS lit witte dat de útslach fan it protest net feroaret: it is en bliuwt ôfwiisd.

19:20

Fierljepstriid yn It Heidenskip skrast fanwegen it minne waar

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (18)

It fierljeppen yn It Heidenskip is skrast yn ferbân mei de rein en it minne waar. Gewoanwei hie der om 18.30 oere in wedstriid yn de 1e klasse úteinset, in jûn dy't yn 'e regel sjoen wurdt as generale repetysje foar it Frysk kampioenskip sneon.

Dat kin lykwols net mear, want de wedstriid fan It Heidenskip wurdt takom wike woansdei pas ynhelle.

17:25

Grou wint by De Lemmer

LÊS EK Skûtsje Grou wint by De Lemmer en set grutte stap rjochting kampioenskip

16:04

Silerij is los

Sa'n twa oeren nei't de bedoeling wie, mar de skûtsjes fan de SKS binne begûn oan de silerij yn de Lemster Baai. Live meisjen kin hjir.

15:28

Skûtsjes sille los om 15.55 oere

It is de bedoeling dat der hjoed dochs noch syld wurdt yn de Lemster Baai.

Om 15.50 oere sil it fiifminuteskot klinke. Om 15.55 oere giet it los.

15:25

Utstelle kin oant 15.50 oere

14:54

Publyk wachtet

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (20)

It is noch net dúdlik wannear't it skûtsjesilen hjoed trochgiet. Yntusken wacht it publyk ôf.

14:15

SKS warskôget publyk

14:09

SKS-silerij noch net los

De startproseduere fan it skûtsjesilen by De Lemmer is ôfbrutsen. Om De Lemmer hinne binne tongerbuien.

Wannear't de startproseduere wer opstart wurde sil, is noch net dúdlik. De wedstriid is útsteld foar ûnbepaalde tiid.

12:04

Protest Snits tsjin Drachten moat opnij

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (21)

De sjuery moat opnij sjen nei it protest fan Snits tsjin Drachten by de SKS-silerij by Starum fan ôfrûne sneon. By dy wedstriid hienen Snits en Drachten in oanfarring wêrnei't Snits moat averij it wedstriidwetter ferlitte moast.

Ynearsten hie de sjuery it protest ôfwiisd, mar Snits gie yn heger berop.

De Snitsers fûnen dat it protest net op in earlike wize behannele is.

De sylried, dy't it heger berop behannele hat, fynt dat de útspraak fan de sjuery net dúdlik makket wat as bewiis brûkt is en hoe't der reagearre is op ferwarren.

De sylried kin dêrtroch net neigean oft der in ynhâldlike behanneling fan it protest plakhân hat dy't rjocht docht oan alle oanbelangjenden.

De sjuery moat fan de sylried dêrom opnij nei it protest sjen.

21:57

Beachfollybalster Desy Poiesz wint earste pûlwedstriid op EK

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (22)

Desy Poiesz fan Vegelinsoard hat har earste pûlwedstriid op it EK beachfollybal wûn. Tegearre mei Mila Konink wûn se yn twa sets fan it Eastenrykske duo Franziska Friedl en Anja Trailovic.

In opstekker, want de Eastenrikers pleatsten harren as earste foar it toernoai wylst Poiesz en Konink dat as 32e diene.

Brecht Piersma fan Snits hat mei har teamgenoat Wies Bekhuis har earste pûlwedstriid ferlern. Sy moasten tsjin it Poalske duo Sliwka/Wachowicz. De earste set wûnen de Nederlanners noch krekt, mar dêrnei wiene de Poalen te sterk.

It EK hat plak yn Nederlân dit jier. Der wurdt yn Arnhem, Den Haag en Apeldoorn follyballe.

17:53

Anouska Koster 19e yn tredde etappe Tour de Femmes

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (23)

Hurdfytser Anouska Koster fan De Westereen is as 19e einige yn de tiidrit yn de Tour de Femmes. It wie de tredde etappe.

De froulju moasten yn Rotterdam sa rap mooglik 6,3 kilometer ôflizze. Demi Vollering wie de fluchste en pakte it giel. Koster moast hast tweintich sekonden tajaan op Vollering.

Yn de twadde etappe earder hjoed waard de Westereense fan Uno-X Mobility 117e.

Moarn ferlitte de fytsers Rotterdam, de fjirde etappe hat plak fan Valkenburg nei Luik.

16:45

Snits pakt twadde deipriis, Grou ferliest poadiumplak nei oanfarring mei boei

Mei de twadde deipriis fan dit kampioenskip is de Sneker Pan definityf wer werom by de bêste skûtsjes fan de SKS.

Skipper Jappie Visser naam yn 2017 it helmhout oer fan syn heit Douwe, mar oant dit jier hie er yn de SKS noch gjin wedstriid wûn.

LÊS EK Snits wint skûtsjesilen by Wâldsein; Grou makket flater by tonne

16:04

Hurdfytser Anouska Koster hat earste etappe yn Tour de Femmes achter de rêch

Anouska Koster fan De Westereen hat de earste etappe fan de Tour de Femmes achter de rêch. Se kaam as 62e oer de streek.

Koster hoegde noch net fier foar de earste etappe: dy wie net yn Frankryk, mar yn Rotterdam. Yn totaal binne fjouwer fan de acht etappes op Nederlânske boaiem.

13:49

Nij klassemint nei útslach protesten

De útslach fan de protesten hat gefolgen foar it klassemint. Sjoch hjirûnder nei de offisjele dei-útslach fan Starum, en it klassemint oant no ta.

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (25)

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (26)

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (27)

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (28)

12:29

SKS: Protest tsjin wedstriidlieding wie gjin protest

In protest dat yntsjinne is tsjin de wedstriidlieding fan it skûtsjesilen by Starum, wie offisjeel gjin protest. Dat seit it bestjoer fan de SKS.

Skippers hiene krityk op de feilichheid fan de baan. Dy soe te lyts west ha. Mar se meie allinne tsjin de kommisje protestearje as dy him net hâldt oan de wedstriidbepalingen.

Yn de wedstriidbepalingen komt it wurd feilichheid net foar.

Yn artikel njoggen fan de wedstriidbepalingen stiet ien sin oer de grutte fan de baan:

Artikel 9 (...) De markeringsboeien, waarbuiten de skûtsjes niet mogen komen, dienen oordeelkundig te worden uitgelegd.

De sjuery hat net op basis fan dizze sin in útspraak dien, mar hat wol in brief stjoerd nei it bestjoer fan de SKS, op basis fan de ynformaasje fan skippers mei soargen oer de feilichheid op it wetter en de lingte fan de baan.

It bestjoer fan de SKS hat tasein om dy krityk mei te nimmen yn de evaluaasje fan dit kampioenskip, en yn de tarieding fan it kampioenskip fan 2025.

11:14

Sjuery jout Drachten skuld fan oanfarring

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (29)

It skûtsje fan Drachten hat de skuld krigen fan de oanfarring by de ûndertonne yn de silerij by Starum. De skûtsjes fan De Lemmer, Ljouwert, Hearrenfean, Snits en Drachten kamen tagelyk by dy tonne. Protesten binne útfallen yn it neidiel fan Drachten.

By dizze situaasje rekke in bemanningslid fan Ljouwert ferwûne. Hy sylt hjoed net mei, yn de wedstriid by Wâldsein.

Ljouwert protestearre tsjin Hearrenfean, en dy sette it protest troch nei Drachten. Omdat Drachten yn it paad lei, koe Hearrenfean net oan de kant foar Ljouwert. Drachten kin dus 14 punten byskriuwe foar de wedstriid by Starum.

Sjoch hjir nei bylden fan de oanfarring:

Bylden fan de oanfarring

It skûtsje fan Snits hie ek protestearre tsjin Drachten, foar in eardere sitewaasje. Dêr is Drachten yn it gelyk steld. Snits giet tsjin dy útspraak yn heger berop by de Sylried fan de SKS.

Protesten fan Ljouwert tsjin Akkrum en fan Wâldsein tsjin Akkrum binne tawiisd, en protesten fan Drachten tsjin Akkrum en fan Akkrum tsjin Drachten binne ôfwiisd. Akkrum krijt dus ek 14 punten foar de wedstriid by Starum.

Omdat Ljouwert troch de skuld fan in oar de wedstriid net útsile koe, krijt dat skûtsje oan de ein fan it kampioenskip it eigen gemiddelde tal punten foar de silerij by Starum. Oft dat foar Snits ek jildt, hinget ôf fan it resultaat fan it heger berop.

09:55

Wolkom!

Yn dit sportbloch hâlde wy dy dizze wike op de hichte fan de lêste ferrjochtingen yn de Fryske sport.

Lês hjir it sportbloch fan de ôfrûne wike.

Partoer De Haan wint generale foar Frouljus PC | Twadde dei-oerwinning foar de Sterke Jerke (2024)
Top Articles
Pharmacies in Amsterdam (Apotheek) | Amsterdam.info
Luxembourg pharmacies overview
Funny Roblox Id Codes 2023
Golden Abyss - Chapter 5 - Lunar_Angel
Www.paystubportal.com/7-11 Login
Joi Databas
DPhil Research - List of thesis titles
Shs Games 1V1 Lol
Evil Dead Rise Showtimes Near Massena Movieplex
Steamy Afternoon With Handsome Fernando
Which aspects are important in sales |#1 Prospection
Detroit Lions 50 50
18443168434
Newgate Honda
Zürich Stadion Letzigrund detailed interactive seating plan with seat & row numbers | Sitzplan Saalplan with Sitzplatz & Reihen Nummerierung
Grace Caroline Deepfake
978-0137606801
Nwi Arrests Lake County
Justified Official Series Trailer
London Ups Store
Committees Of Correspondence | Encyclopedia.com
Pizza Hut In Dinuba
Jinx Chapter 24: Release Date, Spoilers & Where To Read - OtakuKart
How Much You Should Be Tipping For Beauty Services - American Beauty Institute
Free Online Games on CrazyGames | Play Now!
Sizewise Stat Login
VERHUURD: Barentszstraat 12 in 'S-Gravenhage 2518 XG: Woonhuis.
Jet Ski Rental Conneaut Lake Pa
Unforeseen Drama: The Tower of Terror’s Mysterious Closure at Walt Disney World
Ups Print Store Near Me
C&T Wok Menu - Morrisville, NC Restaurant
How Taraswrld Leaks Exposed the Dark Side of TikTok Fame
University Of Michigan Paging System
Dashboard Unt
Access a Shared Resource | Computing for Arts + Sciences
Speechwire Login
Healthy Kaiserpermanente Org Sign On
Restored Republic
3473372961
Craigslist Gigs Norfolk
Moxfield Deck Builder
Senior Houses For Sale Near Me
Whitehall Preparatory And Fitness Academy Calendar
Trivago Myrtle Beach Hotels
Anya Banerjee Feet
Three V Plymouth
Poe Self Chill
Funkin' on the Heights
Vci Classified Paducah
Www Pig11 Net
Ty Glass Sentenced
Latest Posts
Article information

Author: Delena Feil

Last Updated:

Views: 5395

Rating: 4.4 / 5 (45 voted)

Reviews: 84% of readers found this page helpful

Author information

Name: Delena Feil

Birthday: 1998-08-29

Address: 747 Lubowitz Run, Sidmouth, HI 90646-5543

Phone: +99513241752844

Job: Design Supervisor

Hobby: Digital arts, Lacemaking, Air sports, Running, Scouting, Shooting, Puzzles

Introduction: My name is Delena Feil, I am a clean, splendid, calm, fancy, jolly, bright, faithful person who loves writing and wants to share my knowledge and understanding with you.